Boeren ATF-brân foar rjochter

20 jun 2001 - 00:00

Tongersdei moatte sa'n tsien lilke boeren foar de rjochter yn Ljouwert ferskine. Sy wurde foarroppen om't se deis nei de ATF-brân yn Drachten ferline jier, har fee net ynhelle hiene.

Dat wie doe opdracht, mar de boeren sizze dat se troch de betiizjende ynformaasje net wisten wêr't se oan ta wiene. De fraach is oft ferfolging mooglik is by ûnfolsleine berjochtjouwing.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)