Algemien direkteur ATF oppakt

20 jun 2001 - 00:00

Algemien direkteur Kooistra fan ôffalferwurker ATF/De Pijp yn Drachten is oanhâlden. In wurdfierder fan justysje hat befestige dat er sûnt snein fêstsit. Kooistra wurdt ûnder oaren fertocht fan opsetlike brânstifting.

De ôffalferwurker waard ferline jier troffen troch in grutte brân. Dêrby soene tonnen skealik guod de loft ynflein wêze. Justysje siket de ferantwurdliken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)