Drachtster Bosk bliuwt ûnfeilich

20 jun 2001 - 00:00

De gemeente Smellingerlân docht gjin war it Slingepark yn Drachten feiliger te meitsjen. Dit wykein waard der foar de fjirde kear in frou seksueel lestich fallen. Strûken en beammen kappe is gjin oplossing, seit boargemaster Van der Zaag. Risikogroepen moatte it Drachtster Bosk mar mije.

De dieder rint noch altyd frij om. De plysje nimt de saak heech op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)