Fryske ambulânse feilichst

© Omrop Fryslân
Ambulânseprodusint Visser Carrosserie út Ljouwert bout de feilichste ambulânses fan Nederlân. In proefmodel fan de pasjinteromte fan Visser syn ambulânse kaam koartlyn yn Keulen troch in tige swiere test. Net ien Nederlânske ambulânseprodusint spile dat earder klear.
It proefmodel is mei ûntwikkele troch Technology Sintrum Noard-Nederlân en de Noardlike Hegeskoalle.