Oerol kin net grutter

© Omrop Fryslân
Op Skylge tilt it dizze dagen op fan de Oerolgongers. It tsiendaachske kultuerfestival ferwachtet 40.000 besikers. It tema fan dit jier is 'Omringd door water'. Dat jout tagelyk de beheining oan, want grutter as no kin it eins net.
De sechstich fêste meiwurkers en 300 frijwilligers soargje foar in miljoeneomset. Oerol duorret noch oant en mei takom snein.