Balk yn 'e ban fan 'bankrôvers'

18 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandei yn Balk de hiele moarn om twa ynbrekkers socht dy't taslaan woene yn de Rabobank. It duo tocht tûk te wêzen en earst út in wente yn Snits de kaai fan de bank te stellen. Dêrnei soe it grutte jild foar harren klear lizze.

Buertbewenners hiene de manlju lykwols opmurken en de plysje ynskeakele. Ien fertochte is oppakt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)