SULT spilet 'Duvelsied'
Teatergroep SULT spilet ein augustus syn lustrumfoarstelling 'Duvelsied'. It stik fertelt it ferhaal fan kening Arthur en de ridders fan de rûne tafel.
De reade tried is de striid tusken Merlijn en de duvel. Merlijn is de soan fan de duvel. De ûngefear 30 rollen wurde spile troch 8 minsken. 'Duvelsied' wurdt spile yn yn hallen op it bedriuwepark yn Warns.