Brokkepiloat oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon in 26-jierrige man út Ljouwert oanholden. Hy hie mei drank op in oanriding feroarsake. De man wie by Surch mei hege snelheid op in auto riden dy't foar de brêge stie.
Nimmen rekke ferwûne om't achter de stilsteande auto in oanhingwein siet. De Ljouwerter krige boetes fanwege ride ûnder ynfloed, en om't er gjin rydbewiis hie en de auto net fersekere wie.