Min waar by Leijenloop

16 jun 2001 - 00:00

De rein hat sneon spulbrekker west by de 15e Leijenloop by De Pein. Mar leafst 223 dielnimmers moasten har troch dikke buien hinne wrakselje.

Winner fan de heale maraton waard Benjamin Kok, yn 1.12.48. Twadde waard Auke Postma, Remco Oost einige as tredde. By de froulju wûn Titia Visser, yn 1.27.01, in persoanlik rekôr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)