Buiich begjin Oerol

© Omrop Fryslân
Oerol hat sneon bot te lijen hân fan it minne waar. It stik Trojaanse Vrouwen waard middeis sa troch hoasbuien pleage dat it definityf ôfbrutsen wurde moast.
Freedtejûn hat Jan Wolkers, ek eilânbewenner, it tweintichste Oerolfestival iepene. Hy lies in tal gedichten foar oer eilannen. It tema fan dizze Oerol is 'Omringd door zee'. Der wurde sa'n 30.000 minsken ferwachte.