Ferkearsles foar bûkemantsjes

15 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It underwiisbegeliedingstsjinst GCO fynt dat bern tusken de 0 en 4 jier al ferkearsles krije moatte. Freed is it GCO begûn mei in nij projekt dat 'Stap, Stoep, Fiets' hjit. It GCO wol sa de lytse bern by it ferkear belûke.

Neffens it pjutteboartersplak yn Camminghabuorren kinne ek pjutten al rap ferkearsregels leart wurde. Ek de gemeente Ljouwert fynt it projekt gjin lúkse.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)