Setters mooglik wer nei Turkije

© Omrop Fryslân
Jirpelkonsern HZPC op 'e Jouwer is bliid dat minister Brinkhorst fan Lânbou mei syn Turkse kollega prate sil om in tal eksportbeheinings tusken beide lannen op te heffen. Foar HZPC is benammen de diskusje oer de eksport fan setjirpels nei Turkije fan belang.
Foar't de beheinings in goed jier lyn yngiene, eksportearre Nederlân jierliks in lytse 10.000 ton setters nei Turkije.