Lêste Fryske kleaster ferdwynt
It lêste Fryske kleaster, de kapel by opfanghûs Blijenhof yn Burgum, sil mei koarten ferdwine. De trije susters dy't dêr wenje sille nei in âldereintehûs yn Brabân.
Sûnt 1962 ha de susters yn Blijenhof wenne en in lústerjend ear bean oan de gasten. De opfang fan de minsken wurdt al in skoft dien troch betelle krêften.