Boetes foar frachtweinsjauffeurs

© Omrop Fryslân
In tredde part fan de 160 frachtweinen dy't tongersdei oanhâlden binne by in kontrôle op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean, ha in proses-ferbaal krigen. Der waard kontrolearre op ferfier fan ôffalstoffen, koeltranporten, technyske steat fan weinen en oft de papieren wol yn oarder wienen.
Neffens de Ynspeksje Miljeuhygiëne is it persintaazje boetes fierstente heech.