Rekord-oantal sjoggers wedstriid
Neffens buro Intomart hawwe woansdeitejûn in foar Omrop Fryslân rekord-oantal Friezen nei de wedstriid Sparta-Cambuur sjoen. Yn de earste helte rûm 150.000, yn de twadde helte rûm 140.000. Omrop Fryslân hie foar de rêst in merkoandiel fan 30,1 en nei de rêst ien fan 28,3.
Hast ien op de trije Friezen dy't woansdeitejûn nei de televyzje seagen hat nei Omrop Fryslân sjoen.