Zoete Hanen filmje by Beursbrêge
Keunstnersselskip De Zoete Hanen makket freed fanôf 10.30 oere opnames foar de film 'Uitgelichte Momenten' by de Beursbrêge yn Ljouwert. Op 26 maaie is 'Doos 058', it brêgewachtershúske, omdope ta 'Stipepunt Libbene Deaden'.
Minsken dy't meidwaan wolle oan dizze produksje kinne har freed op it plak sels opjaan. It giet hjir om de rollen fan soldaten, gelearden en zombies.