Snitser havenmasters op wetter
De haven- en merkmasters yn Snits sille fan it simmer nei har nije ûnderkommen op it wetter ferhûzje. It nije kantoar is oan de Houkeslootpromenade. Earder wurken se fyftjin jier fanút it stedskantoar oan de Marktstraat.
Fan april oant novimber binne de havenmasters fan 8.00 oant 22.00 oere aktyf. Moandeitemiddeis hâlde de twa permaninte havenmasters sprekoere (15.00 -17.00).