Gjin kampioenskip slingeraap

14 jun 2001 - 00:00

It Frysk Kampioenskip Slingeraap giet net troch. It soe foar de 20e kear hâlden wurde yn Akkrum. Der binne te min bestjoersleden om it barren op 30 juny te lieden.

By Slingeraap giet it derom dat de dielnimmers fan de iene nei de oare kant slingerje. De organisearjende stichting fynt it spitich dat it net trochgiet. Mooglik wurdt de stichting opheft.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)