Offinsyf om studinten te lûken

14 jun 2001 - 00:00

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert sil mei in 'last minute' foarljochtingsdei besykje studinten te lûken. De NHL wol moandei besykje dat de oankommende studinten har ynskriuwe foar in oplieding.

Skoalbern wachtsje hieltyd langer mei de ynskriuwing. Se wolle seker witte wat se studearje wolle om't de doer fan de stúdzjefinansiering beheind is en se net maklik oerstappe kinne nei wat oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)