Botsing mei hynders

14 jun 2001 - 00:00

Yn Noardburgum is in 47-jierrige automobilist yn de nacht fan woansdei op tongersdei mei in keppel hynders botst. De frou út Burgum remme fûl op de Simmerwei mar koe dochs gjin botsing mei de tolve bisten te foaren komme.

Ien fan de hynders ferstoar op it plak. In twadde bist waard troch in bistedokter ôfmakke. De frou rekke licht ferwûne troch glês fan har autofoarrút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)