Ljouwert sportstêd
De Fryske haadstêd moat in echte sportstêd wurde. Yn twa jier tiid moat der in iepenloftswimbad komme by De Blauwe Golf. Op it plak fan it swimbad it Kealledykje wurdt in offisjeel bad boud foar wedstriden.
Der binne plannen foar in skeelerbaan dy't hurdfytsers winters brûke kinne. De Fryske haadstêd wol tenei ek alle jierren in 'wieler-criterium' hâlde.