Panyk om 'nepbom'
In âlde trommelrem soarge foar panyk woansdeitemoarn yn de Ljouwerter wyk Havankpark. By graafwurksumheden waard in gefaarlik eksplosyf oantroffen. De plysje waard op 'e hichte brocht en de strjitten waarden ôfset.
De Eksplosive Oprommingstsjinst fûn in metalen skiif, dy't op in anty-tankmyn like. Nei ûndersyk die bliken dat it lykwols om in trommelrem gie.