Hûs Annet van der Hoek besketten

12 jun 2001 - 00:00

Frysk Twadde-Keamerlid Annet van der Hoek wurdt slim bedrige. Har hûs yn Frjentsjer is besketten mei in swier fjoerwapen. Boppedat krige se driichtelefoantsjes en binne de bannen fan har auto lekstutsen.

Mooglik hawwe de bedrigings te krijen mei in foarstel foar in wetswiziging. Van der Hoek wol dat geastlik sike minsken mei twang opnommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)