Aksje foar behâld feemerk

12 jun 2001 - 00:00

Aksjefierende feehannelers en boeren hawwe tiisdeitemoarn foar ferkearsoerlêst om Ljouwert hinne soarge. Se rieden út fiif wynrjochtings op de stêd ôf. Eindoel wie it FEC, dêr't oars altyd de feemerk hâlden waard.

Alle feemerken yn Nederlân bliuwe foarearst ticht. Se kinne net foldwaan oan de strange easken fan de lânbouminister nei de tongblierkrisis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)