Himdyk-maraton op 1 septimber
Op 1 septimber sil de Himdyk-maraton hâlden wurde. De ynskriuwing slút kommende sneon. Sa'n 3000 minsken ha har opjûn foar de tocht fan 30 kilometer. De rûte rint troch de trijehoek Boalsert-Snits-Warkum.
De organisaasje fan de Himdyk-maraton woe net wachtsje op de twadde Slachtetocht. De Himdyk-tocht wurdt lykwols gjin kopy fan de Slachte.