Mooglik twadde festiging CMG

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ûndernimming CMG tinkt nei oer in twadde festiging yn Fryslân. Sûnt jannewaris 2000 hat it lanlike ICTbedriuw al in kantoar yn Ljouwert, dêr't it tige goed giet.
Yn goed ien jier tiid is it personielsbestân by CMG ferdûbele fan 70 nei 140 en oan dy groei is noch gjin ein kaam. De direksje tinkt dêrom dat in twadde festiging yn de provinsje mooglik is.