Twarres buorket goed yn België

11 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It duo Twarris liket hieltyd populairder te wurden yn België. De nije Ingelsktalige single 'She couldn't laugh' is dêr in hit, lykas it earste Frysktalige nûmer 'Wêr bisto'. Sels yn Wallonië brekt it duo troch en dat hat in Nederlânsktalige band noch nea presteard.

De grutste Flaamske radiostjoerder Donna sil op 23 juny in programma wije oan Fryslân. Twarres sil dan live optrede.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)