Akte fan tadieling op It Amelân

10 jun 2001 - 00:00

Op It Amelân passearret moandei in akte wêrmei't de ruilferkaveling op it eilân regele wurdt. Dat hâldt yn dat stikken grûn nei in nije eigener geane.

Binnen de ruilferkaveling binne in tal stikken grûn fan eigner feroare. It trochsneed tal kavels fan pleatsen is fan njoggen nei twa ôfnaam. Oan de ruilferkaveling op it Waadeilân wurdt al 5 jier wurke. Yn 2004 moat it dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)