Tsjerke-ûle is werom yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De tsjerke-ûle is werom yn Fryslân. Yn 1980 wienen der acht pearkes. Tweintich jier letter binne der 468 pearkes teld. It Dokkumer natuermuseum toant mei in eksposysje it libben fan de tsjerke-ûle.
De groei fan de populaasje hat te krijen mei dat der mear fjildmûzen binne. Earder wie lânbougif in deadsoarsaak fan de grutte fûgels. No is it ferkear in bedriging foar de ûle.