'Minder steateleden net nedich'

© Omrop Fryslân
Nijpels fynt dat Den Haach him net bemuoie moat mei it tal Fryske steateleden. De kommissaris fan de keningin fynt dat se dêr earst sjen moatte nei de sitewaasje dat in protte minsken net folle betrouwen yn de lanlike polityk hawwe.
It lytser meitsjen fan de Provinsjale Steaten, fan 55 nei 47, is neffens Nijpels net nedich. De lytsere partijen, lykas FNP, kinne dan yn problemen komme.