Tsjin oanlis dyk yn natuergebiet

© Omrop Fryslân
Mei ballonnen protestearje de ynwenners fan Wynjewâld tsjin de oanlis fan in dyk. Der binne plannen om de dyk tusken Drachten en Easterwâlde nei Emmen troch te lûken en dy soe troch boerelân en natuergebiet by it doarp rinne moatte.
De Stichting tot Behoud van het Buitengebied Wijnjewoude en omstreken hat sneon as ludike aksje oer in lingte fan twa kilometer 400 ballonnen ophongen.