Skoallen Nijefurd ôfkard

08 jun 2001 - 00:00

Alle tolve iepenbiere basisskoallen yn de gemeente Nijefurd foldogge net folslein oan de brânfeiligenseasken. Dat hat de brânwacht konkludearre. Benammen needútgongen en flechtwegen binne net yn oarder.

It brânfeilich meitsjen fan de skoallen moat op koarte termyn barre. It sil tonnen kostje. De gemeente betellet in part, de rest is foar de skoallen sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)