Help foar gerjochtshôf Ljouwert

08 jun 2001 - 00:00

Trije Arnhemmer rjochters sille it gerjochtshôf yn Ljouwert helpe om syn efterstân fuort te wurkjen. Ein dit jier sille se fyftjin sittingsdagen yn Ljouwert fersoargje.

Fan de Ljouwerter rjochters is de helte al in skoft siik. Eins hat it hôf dan ek ferlet fan struktureel mear riedshearen. De Arnhemmer rjochters hawwe tiid oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)