Agressive Ljouwerter oanhâlden

08 jun 2001 - 00:00

In Ljouwerter (23 jier) is freedtemoarn betiid oanhâlden yn de haadstêd. Hy hie klappen útdield oan twa stedgenoaten, nei alle gedachten sûnder oanlieding. Ien fan de slachtoffers, in frou fan 18 jier, is mei in brutsen jokbonke nei it sikehûs oerbrocht.

De fertochte is yn 'e boeien nei it plysjeburo brocht om't er agressyf wie. Hy besocht in plysjeman oan te fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)