'Rendac is gjin gefaar'

© Omrop Fryslân
It is eins no al dúdlik wat de útkomst wêze sil fan it rinnende ûndersyk nei de sûnensrisiko's foar omwenjenden fan Rendac. Op in ynformaasjejûn tongersdei koe in saakkundige har gerêststelle.
Dokter Schreuder fan it ID-Lelystêd hat al op foarhân útsluten dat minsken siik reitsje kinne fan BSE-materiaal. Nei de simmerfakânje komme de definitive risseltaten fan it ûndersyk.