Kaarte-aksje Ent Europa

© Omrop Fryslân
Aksjegroep Ent Europa is mei in kaarteaksje begûn. Alle 530 Fryske basisskoallen krije kaarten mei de tekst 'Ik ben tegen het ruimen van gezonde dieren. Daarom Ent Europa tegen MKZ'. Op skoalle De Eker yn Eanjum waard tongersdei de earste lading ôflevere.
De bern moatte de kaarten ûndertekenje litte. Dêrnei wurde se sammele en oan de beliedsmakkers yn Brussel oanbean.