Reboelje oer Kollumer enkête

© Omrop Fryslân
Oer in enkête oer de takomst fan Kollum is reboelje ûntstien. De enkête wurdt holden troch pleatslik belang om te sjen hokker winsken libje by de befolking.
Neffens guon Kollumers soe it ûndersyk net anonym wêze wylst dat troch pleatslik belang wol tasein is. Dêrom hat in winkelier woansdei de leden fan pleatslik belang yn Kollum oproppen net mei te wurkjen oan de enkête.