Fryslân tsjin kilometerheffing

07 jun 2001 - 00:00

De provinsje Fryslân hat grutte beswieren tsjin de kilometerheffing dy't it Ryk ynfiere wol yn 2004. "Dizze opset is nuver en ûnearlik", seit deputearre Bijman. "Plattelânsbewenners ride mear as stedsbewenners. Boppedat is lang net oeral yn Fryslân iepenbier ferfier."

Bijman fynt dat de regeling 'regionalisearre' wurde moat om te foarkommen dat Friezen mear betelje as Hollanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)