Fergunning kofjeshop Snits mei

07 jun 2001 - 00:00

Snits hoecht de fergunning foar kofjeshop Heaven net yn te lûken. Dat hat de bestjoersrjochter yn Ljouwert bepaald.

Omwenners hiene protestearre tsjin de fergunningferliening, omdat se benaud wiene foar oerlêst fan de softdrugsbrûkers. Neffens de rjochter koene se dat net goed bewize. De rjochter wie it ek net mei harren iens dat de kofjeshop te ticht by skoallen stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)