Kwaliteit hierwenten moat better
Gemeenten en wenningkorporaasjes moatte de kommende jierren oan 'e slach mei de kwaliteit fan de wenten. Dêrta sil sa'n fiif prosint fan de Fryske hierwenten ferkocht wurde.
Dat is ien fan de útkomsten fan de evaluaasje fan it provinsjaal wenplan. De opbringst moat brûkt wurde om huzen byelkoar te lûken en om mear lúkse yn de besteande hierwenten oan te bringen.