Kazemattemuseum buorket goed

06 jun 2001 - 00:00

It Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân belibbet goede tiden. It museum is no wer in moanne iepen en koe al folle mear besikers as ferline jier begroetsje.

It museum hat no al fjouwertûzen besikers hân. Ferline jier ha der yn de fergelykbere perioade tûzen minder west. Neffens de direkteur komt it foar in part troch it moaie waar yn maaie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)