Fries yn Leefbaar Nederland?

© Omrop Fryslân
Age Hartsuyker, byldzjend keunstner út Jobbegea, stiet op 'e nominaasje om yn it bestjoer te kommen fan Leefbaar Nederland. Dy nije politike partij sjocht takom wykein offisjeel it libben.
Leefbaar Nederland is ûntstien nei it súkses fan Leefbaar Utrecht. De partij wol by de Keamerferkiezings takom jier tsien sitten helje. Hartsuyker wol him ynsette foar kultuerbelied.