Protest tsjin sluten dyk Goutum

06 jun 2001 - 00:00

Wergea, Warten en Warstiens binne it net iens mei Goutum oer it ôfsluten fan de Wergeasterdyk nei Goutum. De Goutumers wolle de dyk ticht hawwe om't it ferkear foar te folle oerlêst soarget.

De dyk wurdt benammen brûkt troch slûpferkear. De gemeente Ljouwert hat Goutum no tasein de dyk ôfslute te wollen tusken 7 en 9 oare moarns. Wergea, Warten en Warstiens binne it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)