Hegere parkeartariven Ljouwert

06 jun 2001 - 00:00

It parkearen yn de binnenstêd fan Ljouwert wurdt sa'n 10 prosint djoerder. De ferheging giet 1 jannewaris 2002 yn, tagelyk mei de ynfiering fan de euro. Neffens de gemeente is dat tafal.

Op de drokste plakken, lykas de parkeargaraazje ûnder it Saailân, sil de ferheging grutter wêze. Minder populêre lokaasjes as de garaazje oan it Hoeksterend, kinne dan goedkeaper bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)