Frysk taalbelied as foarbyld

© Omrop Fryslân
De FNP fynt dat it taalbelied yn Fryslân as foarbyld foar oare taalminderheidsgebieten yn Europa jilde kin. Boppedat soe foar Ljouwert in rol weilein wêze moatte as wichtige Europeeske stêd op it mêd fan lytse talen.
De FNP ropt steatssekretaris De Vries op him dêr foar yn te setten. It ryksregear giet neffens de FNP ridlik harmonieus om mei de Fryske taalstriid.