70 man derút by CR-Delta

05 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Santich fan de twahûndert wurknimmers fan feeferbetteringsorganisaasje CR-Delta op It Hearrenfean moatte fuort. De reorganisaasje is nedich om't it buorkjen de lêste jierren bot feroare is. In boer is hieltyd mear in selsstannich ûndernimmer. Dat proses is troch de tongblier-krisis fersneld.

CR-Delta hat in sosjaal plan foar de wurknimmers dy't ûntslein wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)