Snits bondelet sûnenssoarch

05 jun 2001 - 00:00

It Antoniussikehûs Snits hat plannen foar in sintrum foar sûnenssoarch. Dat moat by de haadyngong komme. Yn it sintrum wurde in húsartse- en in baaksterpraktyk, en in winkel foar medyske helpmiddels ûnderbrocht.

De haadyngong is as lokaasje keazen om't elk dêr del moat. Mooglik bringt de Thússoarch Súdwest-Fryslân de kantoaren ek oer nei it soarchsintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)