Drylts wol gjin apparteminten

05 jun 2001 - 00:00

De feriening foar beskerme stedsgesicht yn Drylts stapt nei de Rie fan Steat. Se wol de bou fan in appartemintekompleks en in trochbraak fan 'e Iselmardyk opkeare. It kompleks soe net passe yn it sintrum fan it stedsje.

De gemeente Wymbritseradiel en de provinsje joegen earder gjin gehoar oan de klachten. Sadwaande siket de feriening it hegerop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)