Fytsers ride dochs 11stêdetocht

© Omrop Fryslân
Tsientallen fytsers ride pinkstermoandei dochs de Alvestêdetocht. De tocht giet dit jier oer fanwege tongblier. Foar de organisaasje betsjut dat in strop fan 25.000 gûne.
It muzykfestival yn start- en finishplak Boalsert luts folle minder folk as oars. Fanwege it minne waar moast it bûtenpoadium snein sels ticht. De optredende artysten wykten út nei twa kafees.