Skarsterlân hâldt jild oer

03 jun 2001 - 00:00

De gemeente Skarsterlân hat hast alve miljoen gûne oerhâlden oer ferline jier. Dat docht bliken út de jierrekken fan de gemeente oer 2000. Dat positive saldo hat foar it grutste part te krijen mei de ferkeap fan oandielen fan it boufûns fan Nederlânske gemeenten.

De ferkeap smiet goed sân miljoen gûne op. It jild sil brûkt wurde foar nij belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)